Ynternasjonale belangstelling foar Wetsus nimt ta

28 sep 2015 - 13:30
  • De iepening fan it nij Wetsus gebou

Wetterûndersyksynstitút Wetsus lûkt hieltyd mear belangstelling út it bûtenlân. Benammen bûtenlânske bedriuwen, mar ek oerheden en studinten wolle saken dwaan mei it ynstitút. Ien en oar waard bekend makke op it jierlikse Wetsuskongres yn Ljouwert.

Troch in Europeeske subsydzje fan 3,5 miljoen euro kin it ûndersyksynstitút de kommende tiid sechstich bûtenlânske studinten oanstelle. Tolve jier nei de oprjochting docht Wetsus no saken mei goed hûndert bedriuwen, oerheden en organisaasjes. Ien op de fjouwer dêrfan sit yn it bûtenlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)