Ynternasjonale belangstelling foar Ruurd Wiersmahûs

29 mrt 2016 - 12:08
  • Skilderij yn it Ruurd Wiersmahûs yn Burdaard

Der is ynternasjonale belangstelling foar it museum Ruurd Wiersmahûs yn Burdaard. Kommende freed gean de doarren wer iepen fan it museum dat draait om de fjouwer seizoenen dy't âld-molkfarder Ruurd Wiersma op de muorren skildere hat doe't er dêr wenne.

Mar foardat it grutte publyk wer tagong krijt, komme der earst twa ynternasjonale topfotografen del fan it tydskrift The World of Interiors, ûnderdiel fan Vogue.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)