Ynternasjonaal teater oer taal

15 maaie 2002 - 00:00

Dizze wike begjinne op Skylge de rippetysjes foar it meartalige toanielstik 'Salted' fan Tryater. Oan it stik dogge acht akteurs mei út acht Europeeske minderheidstaalgebieten. Sy spylje it stik yn eigen taal en it Ingelsk.

De akteurs komme út ûnder oaren Laplân, Baskelân, Ierlân en Wales. It stik giet op 14 juny op premiêre op de Noordvaarder as ûnderdiel fan Oerol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)