Ynternasjonaal kontakt oerfal

09 jul 2009 - 12:05
  • De oerfal barde hjir

De plysje Fryslân hat ferskate kontakten mei plysje yn it bûtenlân oer de oerfal yn Elslo. Mei hokker lannen krekt wol de plysje net sizze. Ein maaie waard in gesin yn it doarp yn har hûs oerfallen. Se waarden troch de dieders mishannele en bestellen.

Der wurkje noch hieltyd sân minsken oan it ûndersyk. Ynkoarten wurde de earste útslaggen fan it Nederlânsk forensysk ynstitút ferwachte. Op dit stuit binne der noch fjouwer brûkbere tips dy't ûndersocht wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)