Ynternasjonaal ferset wynmûnen

16 okt 2001 - 00:00

De bou fan in wynmûnepark by de Ofslútdyk ropt ynternasjonaal protest op. De Waadferiening en twa bûtenlânske organisaasjes op itselde mêd ha in brief oan ferskate Nederlânske politisy skreaun.

Se fersette har tsjin de bou om't it tsjin ynternasjonale ôfspraken oer de Waadsee yngiet. It gebiet moat beskerme wurde as natuergebiet. Freed wurdt mooglik in beslút oer it park nommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)