Ynterfryske taalkursus

19 jan 2002 - 00:00

De Fryske Rie organisearret op 25, 26 en 27 jannewaris in 'yntensive, ynterfryske taalkursus'. Op dy kursus sille Noardfriezen ús Frysk (ferstean) leare, en oarsom minsken út Fryslân yn Nederlân sille oan de gong mei it Noardfrysk.

Dosinten binne Henk Wolf foar it Frysk en professor Jarich Hoekstra fan Kiel foar it Noardfrysk. Inkelde tsientallen minsken kinne meidwaan oan de kursus.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)