Ynteresse yn reid Alde Feanen

22 sep 2012 - 12:37
  • De Alde Feanen

It projekt om 3 kear safolle reid te krijen yn de Alde Feanen by Earnewâld kin rekkenje op grutte belangstelling yn de rest fan it lân. Dat nije reid moat soargje foar folle skjinner wetter as no en bettere omstannichheden foar seldsume planten en bisten.

Under oaren it wetterskip, de provinsje en it Fryske Gea wolle der 3 miljoen euro ynstekke en hoopje op 3 miljoen oan Europeeske subsydzje. De oerkoepeljende stichting Toegepast onderzoek Waterbeheer (de STOWA) is ek ree om 100.000 euro mei te beteljen.

De 24 oansletten wetterskippen hoopje te learen fan de proeven yn Earnewâld. Op ferskate oare plakken yn Nederlân is de wetterkwaliteit efterútgongen troch fosfaten út waskmiddels en dong fan boerebedriuwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)