Ynteresse yn oername Imtech Marine troch Pon en Parcom

11 aug 2015 - 16:17
  • Webside Imtech Marine

De Pon-holding yn Almere wol, yn gearwurking mei it ynvestearringsbedriuw Parcom, Imtech Marine oernimme. Imtech Marine is in ûnderdiel fan it ynstallaasjebedriuw Imtech dat tiisdei útstel fan betelling oanfrege. Imtech Marine hat ûnder oare fêstigings yn Harns en Lauwerseach. It bedriuw makket navigaasje-apparatuer foar skippen en stiet ek bekend as Radio Holland.

Pon en Parcom jouwe oan dat se ynvestearje wolle yn it bedriuw. Pon is ien fan de grutste famyljebedriuwen fan Nederlân. It bedriuw is ûnder oare bekend as ymporteur fan Volkswein. It bedriuw hat sa'n 13.000 wurknimmers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)