Ynteresse yn oername Flach

22 okt 2014 - 10:35
  • Drukkerij Flach op It Hearrenfean

Foar ferpakkingsdrukkerij Flach op It Hearrenfean ha har al bedriuwen meld dy't ynteresse hawwe yn in mooglike oername. Dat lit kurator Goudberg witte. Flach is tiisdei fallyt ferklearre. Neffens him hat it bedriuw in goede namme yn de drukmerk en in grut klantebestân.

Mei troch de hurde konkurrinsje yn de sektor is de ûndernimming fallyt gien. De earste petearen mei mooglike oernamekandidaten binne woansdei. By Flach wurken fjirtich meiwurkers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)