Ynteresse foar Vandenbussche

17 aug 2009 - 14:42
  • Brian Vandenbussche

SC Hearrenfean giet derfan út dat doelman Brian Vandenbussche de klup foar 31 augustus noch ferlitte sil. Neffens algemien direkteur Yme Kuiper binne der ferskate klups út binnen- en bûtenlân dy't ynformearre hawwe nei de Belgyske keeper. Vandenbussche soe yn petear wêze mei it Spaanske Las Palmas dat útkomt op it ien nei heechste nivo.

It gerucht dat middenfjilder Milos Maric fan AA Gent nei Fryslân gean soe, is neffens Kuiper folslein ûnsin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)