Ynteresse foar Van der Heide

06 jan 2012 - 21:05

Sandor van der Heide is nei alle gedachten dwaande oan syn lêste seizoen by Sportklup Cambuur. It kontrakt fan de oanfierder rint nei dit seizoen ôf en de klup wol pas yn maart of april mei him om tafel. Dêr wol Van der Heide lykwols net op wachtsje.

Go Ahead Eagles en FC Emmen hawwe al ynteresse toand foar de middenfjilder. It leafst wol Van der Heide syn karriêre ôfslute by Cambuur, mar as dat net kin besjocht hy de oare opsjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)