Ynteresse foar Elyounoussi

23 sep 2010 - 06:46

Manchester United wol Hearrenfean-spiler Tarik Elyounoussi ha. Dat skriuwt de website fan fansfc. Neffens de website hat de Noarske âld-fuotballer Ole Gunnar Solskjaer ynteresse yn Elyounoussi. Hy is trainer fan it twadde fan Manchester United en hy hat it advys krigen fan in oare âld-fuotballer, Henning Berg.

Dy hat Elyounoussi fuotbaljen sjoen by Lilleström. Neffens de website wol Manchester United Elyounoussi yn jannewaris nei de klup helje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)