Ynteresse Ajax foar Bas Dost

21 jan 2011 - 16:31

SC Hearrenfean-spiler Bas Dost stiet yn de belangstelling fan Ajax. Dat seit Ajax-trener Frank de Boer freed op de Amsterdamske stjoerder AT5. Dost soe Suarez ferfange moatte op it momint dat dy fuortgiet. De Boer befêstiget dat Dost op de list mei spilers stiet dy't er graach ha wol.

Dost wol by Hearrenfean wei omdat er dêr te min oan spyljen takomt. Suarez soe yn de belangstelling fan Liverpool stean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)