Yntegriteit riedslid ûndersocht

01 mrt 2006 - 07:10

De gemeente Weststellingwerf lit in ûndersyk ynstelle nei SDP-riedslid Koopman. Hy soe him skuldich makke hawwe oan ôfpersing, fraude en misbrûk fan fertroulike ynformaasje. Coster, in âld-húsdokter yn Wolvegea, hat in klacht tsjin it riedslid yntsjinne.

It Buro Integriteit Nederlânske Gemeenten ûndersiket de klacht. As der strafbere saken ûntdutsen wurde, beriedt de gemeente Weststellingwerf him op maatregels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)