Ynsynje foar Roelof Korporaal

02 maaie 2013 - 09:53
  • Draaginsigne Veteranen

De 94-jierrige Roelof Korporaal fan Kollum krijt freed it Draaginsigne Veteranen, foar syn wurk als soldaat yn de Twadde Wrâldoarloch. Korporaal wie ûnder oare aktyf by de stelling Koarnwertersân. Hy is ek al drager fan it Mobilisaasjekrús en it Oarlochskrús.

De feterane-ûnderskieding wurdt útrikt oan militêren en eks-militêren dy't meidien ha oan oarlochshannelings yn bygelyks Nederlân, Nederlânsk Ynje of lettere misjes yn Libanon of Afganistan. It ynsynje wurdt takend troch de minister fan Definsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)