Ynstjoerd stik Kramer yn Trouw

15 mrt 2003 - 00:00

Partijlieder Johannes Kramer fan 'e FNP nimt sneon yn in ynstjoerd stik yn it deiblêd Trouw ôfstân fan in ynterview mei him dat dy krante freed publisearre. Yn dat ynterview soe Kramer sein ha dat er it wol noflik fynt dat de Fryske befolking foar it grutste part blank is.

Kramer herkent him net yn it ynterview, sa skriuwt er yn it stik. Fryslân is kleurryk en multikultureel en moat fral iepen stean bliuwe foar bûtenlanners.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)