Ynstellings Harns ûnder ien dak

21 feb 2002 - 00:00

Sân ynstellings yn Harns sitte fan takom jier ôf ûnder ien dak yn it nije multyfunksjonele sintrum. Woansdei waarden de tekeningen presintearre.

De berneopfang, muzykskoalle, sporthal en jeugdsoas krije der in plakje yn. Ek de âldereinorganisaasje en flechtlinge- wurk sille romte hiere. De bou sels kostet goed fjouwer miljoen euro. Dêr komme noch eksploitaasjekosten by.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)