Ynstânsjes yn PEB-gebou

12 feb 2003 - 00:00

It eardere PEB-gebou yn Ljouwert sil ûnderdak biede oan tal fan ynstânsjes. It stipepunt Monumintesoarch, de Stifting Alde Fryske Tsjerken en de Stichting ta behâld fan tsjerklike gebouwen komme by elkoar yn it gebou.

De provinsje stelt goed 50.000 euro beskikber. De mienskiplike húsfesting hat foar de organisaasje foardielen lykas in profesjonelere oanpak en ferheging fan de kwaliteit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)