Ynstânsjes wolle net besunigje

22 okt 2003 - 00:00

Njoggentjin organisaasjes hawwe tiisdei op de spesjale harksitting fan de gemeente Boarnsterhim dúdlik makke wêrom't se de gemeentlike bydrage nedich ha.

De gemeente moat 1,8 miljoen euro besunigje om de begrutting slutend te krijen. B en W hienen in list makke mei 56 punten dêr't op besunige wurde kin. De list soarge foar opskuor binnen de gemeente. Op 11 novimber wurdt bekend wêr't op besunige wurde sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)