Ynstânsjes bondelje krêften om blinen better te helpen

27 okt 2015 - 13:49
  • (stockfoto)

De Antonius Soarchgroep en de keninklike Visio, in ekspertizesintrum foar bline minsken, sille gearwurkje om foar te kommen dat minsken mei sichtproblemen yn in isolemint telâne komme. Troch meielkoar gear te wurkjen, kinne benammen bline âlderen út harren isolemint helle wurde.

As de meiwurkers fan de Antoniusgroep, dêr't ûnder oaren it Antoniussikehûs yn Snits en thússoarch Súdwest-Fryslân ûnder falle, minsken mei sichtproblemen hawwe, kinne se folle flugger de help fan Visio ynskeakelje.

Dy stiet minsken mei sichtproblemen by op psychologysk en praktysk mêd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)