Ynstallaasjebedriuw Cofely Noord skrast goed 120 banen

29 des 2015 - 21:54

Ynstallaasjebedriuw Cofely Noord skrast goed 120 fan de 850 banen. Yn mear as sechstich gefallen giet it om in twongen ûntslach. Dat skriuwt it Dagblad van het Noorden. De ûntslaggen soene needsaaklik wêze om ferliezen op te fangen dy't ûntstien wiene trochdat der minder opdrachten kamen fan de NAM. Dat bedriuw hat te krijen mei delgeande gas- en oaljeprizen, en mei produksjebeperkings troch ierdbevings yn Grinslân.

 De measte fêstigings fan Cofely Noord steane yn Grinslân. It bedriuw hat ien Fryske fêstiging, yn Ljouwert.

Hoefolle minsken dêr har baan ferlieze, is op dit stuit net dúdlik. Cofely wie net berikber foar kommentaar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)