Ynspraak wenfoarm Wolvegea

14 jan 2011 - 10:53

Der sit lang om let skot yn de plannen foar in wenfoarm foar handikapte jongeren oan de Koninginnepage yn Wolvegea. Ferline jier april rûn de bou fan de wenfoarm stikken op beswieren fan de omwenjenden.

Dy krigen yn de gaten dat de gemeente de ferkearde proseduere folge hie en dêrnei moast alle papierwurk op 'e nij dien wurde. No is dat klear en kinne de omwenjenden dêr op reagearje. Yn de wenfoarm is plak foar 12 handikapte jongeren tusken de 14 en 20 jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)