Ynspraak oer takomst wenwyk

15 jun 2004 - 00:00

De bewenners fan de wyk Midden- Hearrenfean krije de kommende tiid de gelegenheid om mei te praten oer de takomst fan har wyk. Midden-Hearrenfean is it diel tusken it Abe-Lenstra- stadion, de spoarline nei Wolvegea en it sintrum yn.

De bewenners fan it gebiet wurde de kommende moannen yn petearen mei minsken fan de gemeente ûnderfrege oer feiligens, ferkear, ekonomy en leefberens yn de wyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)