Ynspraak oer stedhûs Dokkum

04 okt 2000 - 17:03

De ynwenners fan Dongeradiel meie meiprate oer de nij- en ferbou fan it stedhûs yn Dokkum. De gemeente sil op twa byienkomsten farianten fan it plan presintearje. De opmerkings dêroer fan de ynwenners sille meinaam wurde by de fierdere behanneling fan de bouplannen.

Doel is dat de ried 21 desimber it definitive beslút nimt, de bou moat dan it twadde kwartaal fan takom jier begjinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)