Ynspraak oer nije boargemaster

19 aug 2003 - 00:00

De ynwenners fan Ljouwert krije de kâns har út te sprekken oer de easken dêr't de nije boargemaster fan de Fryske haadstêd oan foldwaan moat. De gemeente organisearret dêrom in enkête fia ynternet en de Hûs-oan-Hûskrante.

Foar acht septimber moat it rieplachtsjen ôfrûne wêze. Ljouwert hat in nije boargemaster nedich om't de hjoeddeistige earste boarger, Margreeth de Boer, takom jier mei pensjoen giet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)