Ynspraak oer fertreksintrum

02 apr 2004 - 00:00

Ynwenners fan Dongeradiel kinne meiprate oer it nije fertreksintrum foar útprosedearre asylsikers yn Dokkum. Der komt dêrfoar in spesjale ynformaasjejûn.

It Sintraal Orgaan Opfang Asylsikers wol yn Dokkum in fertreksintrum festigje. Fan dêrút sille asylsikers, dy't gjin status krigen hawwe, útset wurde. Op 19 april sil de polityk fan Dongeradiel prate oer it fertreksintrum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)