Ynspiraasje yn Wâldhúske

27 sep 2013 - 10:10

Museum It Wâldhúske yn Houtigehage wurdt sûnt koart ek brûkt as bêd en brochje. In soad minsken hiene earder al oanjûn wolris yn it museum oernachtsje te wollen. Ynearsten woe it bestjoer dat net, mar úteinlik fûnen se it dochs in goed idee. Se hawwe net in soad ynkommen en mei de ferhier kinne se wat ekstra jild fertsjinje. It moat lykwols gjin gewoan sliepplak wurde, mar leafst in soartemint ynspiraasjeboarne foar keunstners lykas it Skriuwersarkje fan Rink van der Velde.

Houtigehage hat noch in Wâldhúske. Dêr sit ek in keunstner yn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)