Ynspeksje ûndersiket abseilen

06 jun 2013 - 20:48
  • Tsjerke Hylpen

De Arbeidsynspeksje docht ûndersyk nei it skilderjen fan de tsjerketoer fan Hylpen troch abseilers. De ynspeksje besjocht oft it bedriuw út Sint Nyk, dat it wurk útfiert, wol de goeie papieren hat. De ferwachting is dat dêr oer in wike dúdlikens oer is.

It bedriuw set folle faker abseilers yn foar wurk oan gebouwen en hat dêrby noch net earder problemen hân. Doel wie yn de rin fan dizze wike te begjinnen mei it wurk yn Hylpen, dat is no foarearst útsteld. It bedriuw lit ek in jurist nei de saak sjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)