Ynspeksje nimt partij fisk yn

09 des 2003 - 00:00

Op de Lauwersmar is moandei trije kilometer oan netten en 400 kilo snoekbears yn beslach naam. Neffens it spesjale fiskstreuperijteam is it de grutste fangst oant no ta.

Yn de netten sieten ek noch oare fisken en wetterfûgels. It yn beslachnommen guod is nei it plysjeburo yn Boalsert brocht. De snoekbears wurdt ferneatige. De fiskstreuperij yn Fryslân is in saak dêr't miljoenen yn omgeane, sa die bliken út ûndersyk fan de ynspeksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)