Ynspeksje nei skea oan gebouwen troch sâltwinning yn Winaam

11 des 2014 - 12:43
  • Ekonomyske Saken gie earder op ynspeksje yn de tsjerke fan Winaam

Foar de earste kear wurdt de skea oan gebouwen troch de sâltwinning yn Winaam opnaam. Dizze saneamde technyske kommisje boaiembeweging fan Ekonomyske Saken giet by de tsjerke, trije huzen en in pleats lâns om de skea op de foto te setten.

Yn tal fan huzen en gebouwen sitte sûnt in jier as tsien skuorren. De eigeners en bewenners wize de sâltwinning troch Frisia yn Harns oan as skuldige, mar dat is dreech te bewizen. De bewenners sizze dat se foar tûzenen euro's skea hawwe. Oer in pear moannen wurdt it rapport mei de befinings bekend makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)