Ynslûpers aktyf yn Fryslân

26 maaie 2011 - 12:05

De plysje warskôget ynwenners fan Súdwest-Fryslân foar minsken dy't besykje om mei in babbeltrúk binnen te kommen om dan guod te stellen. Se sizze bygelyks dat der lekkaazje is.

Wylst ien fan de ynslûpers binnen is, komt in twadde deryn om guod te stellen. Dat wie woansdei it gefal yn Wolvegea. Dêr is fan ien bewenster de tas stellen. De ynslûpers sykje harren slachtoffers benammen ûnder de âlderein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)