Ynskriuwing Slachte set út ein

14 feb 2004 - 00:00

It is safier: sneon start de ynskriuwing foar de Slachte-kuiermaraton. Op 12 juny sil dizze tocht foar de twadde kear hâlden wurde. De earste edysje mei Simmer 2000 wie in trochslaand sukses.

De kuierders sille dit jier folle mear fernimme fan keunst en muzyk by de rûte del. Sa komme der fiif grutte keunstwurken en 90 orkesten lâns de dyk te stean. Ek de doarpen sille allegear wat organisearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)