Ynskriuwing Leijentocht 11.00

22 des 2010 - 07:08
  • De Leijentocht begjint woansdei om alve oere

By De Rottefalle set woansdeitemoarn de ynskriuwing foar De Leijentocht útein. Dit is in toertocht oer de mar De Leijen. De organisaasje hat in rûntsje útsetten fan sân kilometer. Minsken kinne har ynskriuwe foar tochten fan 20, 40 en 60 kilometer.

De organisaasje ferwachtet sa'n 1000 minsken. Dat is fergelykber mei de lêste Leijentocht. Dy wie begjin dit jier. It iis op 'e Leijen is op dit stuit sa'n 12 sintimeter dik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)