Ynskripsje op grêf Rauwerda

18 mrt 2013 - 12:49
  • Fokkema leit blommen by it grêf fan Rauwerda
  • Rauwerda's grêfstien mei ynskripsje

Op it tsjerkhôf fan Aldtsjerk is moandei in ynskripsje ûntbleate op de grêfstien fan Pieter Edzo Rauwerda. Rauwerda wie dokter yn Grins mei foarâlden yn Aldtsjerk. Rauwerda hat yn syn testamint it Rauwerda-Westra fûns oprjochte, in nij stúdzjelien foar earme jongeren dy't graach studearje wolle, mar dat net betelje kinne.

It bestjoer fan it Rauwerda-Westra Fûns hat Rauwerda moandei eare mei in ynskripsje op syn grêfstien. Yn dizze krappe tiden foarsjocht it stúdzjelien seker yn in ferlet, seit foarsitter Doeke Fokkema.

It Rauwerda-Westra Fûns kin earme studinten op syn meast fjouwer kear 1500 euro útkeare, in bedrach dat hast foldwaande is foar it beteljen fan it kolleezjejild. It Tytsjerksteradielster stúdzjelien is noch net sa hiel bekend, mar yn dizze krappere tiden ferwachtet it bestjoer mear flecht op 'e koai. Oanfragen foar in bydrage fan it lien kinne yntsjinne wurde by de gemeente Tytsjerksteradiel en by de skoallen Liudger en Singelland yn Burgum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)