Ynsidint by spoaroergong

27 des 2008 - 12:37
  • Undersyk by de spoaroergong (foto: Aise van Beets)

De plysje hat freedtejûn yn Ljouwert socht nei in mooglik wapen dat brûkt wie by in mishanneling op de Spoarstrjitte. Op dat plak hiene trije minsken spul krigen. Ien fan har rekke ferwûne doe't immen it rút fan syn auto ynsloech.

In frou (28) út Oentsjerk is oanholden foar it brûken fan pepperspray. Neffens belutsenen soe der ek sketten wêze. De plysje hat dêrom mei in hûn socht nei in mooglik wapen, mar neat fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)