'Ynset ûndernimmers falt ôf'

21 jun 2007 - 23:06
  • Dales fynt dat ûndernimmers yn Ljouwert har te min ynsette foar de stêd

De ûndernimmers yn Ljouwert sette har te min yn foar de stêd. Dat sei boargemaster Dales tongersdei op in gearkomste fan de VVD. Dales fynt dat hy der trije jier lang oan lutsen hat, mar sûnder stipe fan de ûndernimmers. Sa kaam it geregeld foar dat hy 80 sakelju útnoege en dat der mar in protsje kamen om te praten oer de stêd.

Neffens Dales is it min foar it imago fan Ljouwert as de ûndernimmers harren net ynsette wolle foar de stêd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)