Ynset skiep tsjin tiken

31 aug 2011 - 15:31

Der komt in ûndersyk nei de ynset fan skiep yn Fryslân tsjin tiken op bygelyks kempings. In keppel skiep moat dêrby as in soarte fan 'tikestofsûger' troch it lân rinne. Dêrnei wurde de tiken sammele as se fan de skiep ôffalle. Ien en oar is in idee fan in skiephoeder. De Universiteit Wageningen fiert it ûndersyk út.

Tiken kinne de sykte fan Lyme ferspriede. Dêrom binne se gefaarlik foar minsken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)