Ynsammeling foar Ronald McDonald

09 okt 2002 - 00:00

De Skylger befolking jout goed gehoar oan in oprop fan it gemeentebestjoer om jild te jaan foar it nije Ronald McDonaldhûs by it MCL yn Ljouwert.

De hurdrinorganisaasje World Runners, de ûndernimmersferiening Midslân en hânwurkklub Krea Plus ha mei inoar al 4400 euro ynsammele. De gemeente hat dat bedrach ferdûbele en oermakke nei it de stifting Ronald McDonald.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)