Ynsammelaksje foar drinkeling

12 aug 2013 - 10:08
  • De Brandaris op Skylge

Op Skylge wurdt jild ynsammele foar de famylje fan de swimmer dy't in pear wiken lyn ferdronken is by Midslân. De man fan 33 jier kaam om it libben doe't er mei syn freondinne yn de see wie. Se waarden meisleept troch de streaming. De frou koe harsels rêde. De man koe net goed swimme en ferdronk.

It slachtoffer komt fan Hondûras. De famylje hat him yn syn eigen lân te hôf brocht. De 12.000 euro dy't it kostet om him nei it lân te ferfieren, binne te heech foar de famylje. Skylgers besykje no mei in ynsammeling it jild by-mekoar te krijen.

De freondinne fan Skylge stiet garant foar de kosten dy't makke binne. Minsken dy't jild jaan wolle, kinne dat dwaan op rekkennûmer 927414465. Set derby 'Afscheid Ramon'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)