Ynsammelaksje ûndersyk REC

20 jan 2012 - 12:12
  • REC ôffaloven

Tsjinstanners fan de ôffaloven Harns wolle jild ynsammelje om bûtelânske saakkundigjen nei Fryslân te heljen om better ûndersyk te dwaan. Johan Bloem fan Harns docht tegearre mei syn advokaat Henri Sarolea in oprop oan 'e Harnzer befolking om jild te jaan.

Op 6 febrewaris is der in rjochtsaak oer de nije miljeufergunning fan de REC. De earste miljeufergunning is twa jier ferlyn fernietige troch de Rie fan Steat. It ûndersyk nei de útstjit doogde net.

Neffens advokaat Sarolea is dat ûndersyk nei de útstjit noch hieltyd net yn oarder. Bûtelânske saakkundigen soene neffens him dêrby helpe kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)