Ynrinsprekoere foar echo

09 sep 2013 - 10:27
  • Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten

It nije ynrinsprekoere foar echografy yn sikehús Nij Smellinghe yn Drachten foldocht goed. Sûnt ferline wike kinne minsken sûnder ôfspraak nei it sikehús foar it meitsjen fan in echo. It sikehús is dêrmei begûn, omdat pasjinten graach gau holpen wurde wolle.

De húsartsen hawwe goede ynstruksjes krigen foar wat pasjinten dwaan moatte as se foar in echo trochstjoerd wurde. Foar guon ûndersiken moatte pasjinten yn 't nuchteren wêze en foar oare moatte se bygelyks mei in folle blaas komme.

Echo's fan spieren, gewrichten en fan it bonkerak kinne net op it sprekoere makke wurde. Dêrfoar moat in spesialisearre radiolooch oanwêzich wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)