Ynrinhûs Snits wer iepen

24 jan 2013 - 13:01

De dak- en thúsleazen fan Snits hawwe it dik twa moanne sûnder dwaan moatten, mar sûnt tongersdei is harren ynrinhûs offisjeel wer iepen. It gebou wie in skoft ticht omdat it nedich oan ferbouwing ta wie. Sa wiene der problemen mei de flechtwegen en wie der sprake fan efterstallich ûnderhâld.

De binnenkant is folslein fernijd, en der is in nije trep oanbrocht. Ferslavingssoarch Snits fynt it spitich dat de besikers fan it ynrinhûs krekt yn dizze kâlde moannen net yn Pân 6 telâne koene. Foar driuwende saken wie der in oar plak regele.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)