Ynriden op ferkearsregelder

26 jul 2009 - 16:03
  • De man ried nei de hynstedagen yn op de ferkearsregelder

In 48-jierrige man út Rinsumageast is sneontemiddei oanholden troch de plysje nei it besykjen ta swiere mishanneling of deaslach foar it ynriden op in ferkearsregelder.

De fertochte harke net nei oanwizings fan ferkearsregelders by de hynstedagen yn Wâlterswâld. Dêrby waard in 33-jierrige ferkearsregelder út Broeksterwâld en oare ferkearsregelders hast omriden. Troch in goed sinjalemint koe de man yn Rinsumageast oanholden wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)