Ynpakwinkel op Riedhúsplein yn Drachten

25 nov 2014 - 10:59

Op it Riedhúsplein yn Drachten wurdt woansdei in ynpakwinkel iepene. Je kinne dêr op in moaie en orizjinele wize in kadootsje ynpakke litte. In tal winkels is hjir by oansletten. As je dêr in sinteklaas- of krystkadootsje keapje, dan krije je in saneamd 'pakkertje'. As je dit yn de ynpakwinkel sjen litte dan wurdt je kado troch in stilist ynpakt.

Yn de tiid dat je wachtsje moatte kin je in bakje kofje pakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)