Ynlitten sâlt wetter beheind

20 aug 2003 - 00:00

De provinsje sil fanwege de droechte it skutten fan de sluzen fan Harns beheine. Sa wurdt it ynlitten fan sâlt wetter sa folle mooglik tsjin gien. Fan woansdei ôf geane de sluzen mar ien kear yn 'e oere iepen.

It fersyk hjirta komt fan Wetterskip Fryslân. Gefolch is wol dat de plezierfeart rekken hâlde moat mei in maksimale wachttiid fan in oere. It wetterpeil yn Fryslân is noch nei tefredenheid, sa seit it Wetterskip.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)