Ynleverbak ûnder brievebus wer fuort

17 des 2014 - 10:25

De gemeente Ljouwert hâldt op mei de ynsammelproef foar lytse elektryske apparaten. Ferspraat oer de stêd stienen sûnt ferline jier septimber ynleverbakken ûnder 27 brievebussen. Der waarden lykwols net genôch apparaten ynbrocht om de bakken rendabel te meitsjen. Dêrom hat de gemeente yn oerlis mei Omrin, PostNL en Wecycle besletten de proef ein dit jier stop te setten.

Minsken dy't noch al ferlet hawwe fan in ynsammelpunt, kinne fergees in boks foar thús oanfreegje by de kringloopwinkel of de miljeustrjitte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)