Ynkringer giet yn bad sitten

19 maaie 2006 - 14:06

De plysje hat tongersdeitemoarn op De Westerein in Driezumer (45) oanholden foar mishanneling. De fertochte wie it hûs fan in ynwenner (37) fan De Westerein binnengien. Sûnder wat te sizzen wie de man yn bad sitten gien.

De Westereinder hat de Driezumer frege syn hûs te ferlitten, mar dy wegere dit. Hy hat de plysje belle en dy trof de man letter sliepend oan yn bad. Doe't de man wekker waard, skopte en sloech er in plysjeman.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)