Ynkommen greidboeren efterút

11 feb 2004 - 00:00

It ynkommen fan Fryske greidboeren sil mei 20 oant 30 persint werom rinne. Dat is it gefolch fan it nije Europeeske lânboubelied, sa hat it Lânbou-Ekonomysk Ynstitút besifere. It ynstitút hat de posysje fan boeren yn Noard-Nederlân ûndersocht.

It Nederlânsk Melkfeehâldersfakbûn hie al warskôge foar dizze gefolgen fan it Europeesk belied. Ek bouboeren krije it minder. Har ynkommen wurdt tusken de 7 en 13 persint leger.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)