Ynkommen boeren omheech

20 des 2010 - 17:24

It ynkommen fan de measte boeren is dit jier flink omheech gien. Dat docht bliken út sifers fan Eurostat, it buro foar de statistyk fan de Europeaske Uny. Yn hiel Nederlân is it ynkommen fan boeren en túnkers mei 32 prosint omheech gien neffens ferline jier. Hoe't dat krekt foar Fryslân útpakt, is net dúdlik.

Rûchwei kin der neffens LTO-Fryslân foarsitter Geart Kooistra wol sein wurde dat it in goed jier west hat foar de melkfeehâlders en de bouboeren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)