Ynkeap fan Unicas fallyt

29 jun 2007 - 16:24

De ynkeaporganisaasje fan Unicas keukens op de Gordyk is tongersdei troch de rjochtbank fan Ljouwert fallyt ferklearre. Neffens in wurdfierder fan it bedriuw hat dit gjin gefolgen foar de winkels fan Unicas.

It bedriuw hat festigings op de Gordyk en yn Ljouwert, Wolvegea, Snits, Drachten en Bûtenpost. Dizze winkels wurde no sels ferantwurdlik foar de ynkeap fan harren guod.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)